Gaesterlānsk Liet


 

O lān fan wālden, ikkers, greiden,
Besletten tusken sé en mar,
Fan alle lannen hjir op ierde
Hāld ik myn Gaesterlān foar kar.
't Rūchhśster bosk, de griene singel,
En Bremers būnte wyldernis,
Dit lān fan bloei en groei en skientme
Dit lān sa 't nearne in twadden is.

Hwat bistū moai, as yn 'e maitiid
It libben brūst śt toarre hout,
As lyster, fink en gielgau roppe
En al dyn pracht him rynsk ūntjouwt.
Hwat bistū moai as yn 'e simmer
De harstwiich lāns dyn paden jachtet
En 't knyntsje oer de gerzen djoeit.

Jit leavje ik dy, as troch dyn beammen
It hjerstljocht stil en bleker blinkt,
It blźd fan boek en iik en bjirken
Yn 't djippe en wiete weinspoar sinkt;
Jit leavje ik dy, as yn it neijier
De stoarm syn wylde needhoarn stekt,
En 't rou gewelt fan wyn en weagen
Op dyn ūnwrigbre kliffen brekt.

En winterdeis as Noarmans trźdden
Sa hoar geane oer de hurde dyk,
As snie op alle beammen glinstert
Dan is dyn bosk in mearke allyk,
It mearke fan 'e moaije sliepster
Bestjoend ta dream en skynbre dea,
Oant strak de prins fan alle prinsen
Har wekket mei syn fjūren pea.

O lān fan wālden, ikkers, greiden,
Besletten tusken sé en mar,
Fan alle lannen hjir op ierde
Hāld ik myn Gaesterlān foar kar.
Hwerearne ik op 'e wrāld ek swalkje
Oan Noarderigge of Suderstrān,
Myn hert bliuwt trou oan dy allinne
Myn āld, myn eigen Gaesterlān!

 

Fedde Schurer (1898-1968)

 
   
 
     
 
Molen bij Nijemirdum