Feestlike moarn by de pjutten

Hummelterp yn Sondel sertifisearre as ďPjutteboartersplak foar meartalige Żntwikkelingď
 


Op tiisdei 26 juny hat pjutteboartersplak Hummelterp yn Sondel it sertifikaat ďPjutteboartersplak foar meartalige ŻntwikkelingĒ krigen.
It wie in tige feestlike moarn foar de pjutten. Der wie in luchtkessen, der koe spek hapt wurde, cake iten, sminked en der waard sjongen mei de gitaar tegearre mei juf Anita.
SŻnt novimber 2009 is it pjutteboartersplak dwaande west mei it ynfieren fan it
taalbelied dat rjochte is op de meartalige Żntwikkeling fan bern.
It tal fan sertifisearre pjutteboartersplakken fan Stichting Peuterspeelzalen Gaasterl‚n-Sleat komt hjirmei op s‚n.


Sertifisearring:
SŻnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mÍd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.
 
It taalbelied hat as doel de twatalige Żntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten.
DÍrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jŻn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brŻkt.

Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de Żntwikkeling fan it Nederl‚nsk ek ta goede komt, en Nederl‚nsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking
mei de twadde taal.

 



Pjutteboartersplak Hummelterp


Oerhandiging fan it sertifikaat troch Sjoeke Kampen
Hummelterp sit by de basisskoalle yn en hat in aparte yngong oan de sydkant fan de skoalle. It is in pracht romte mei in grut oanbod fan materiaal.
Der is goed kontakt en oerlis mei (de Żnderbou fan) de basisskoalle: oer yndividuele bern, en ek oer it oanbod Frysk en Nederl‚nsk: men wit fan inoar dat en hoeít beide talen oanbean wurde.
Yn Sondel wurkje de liedsters neffens it prinsipe ďien persoan, ien taal.Ē

Anita Nieuwenhuijsen praat konsekwint Nederl‚nsk mei de pjutten en Roelie Atsma praat konsekwint Frysk.
Om bar wurde aktiviteiten yn it Frysk en yn it Nederl‚nsk dien. De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende: ď Wy hawwe in protte aktiviteiten sjoen, mar foaral ha wy konstatearre hoe belutsen de liedsters binne . De oandacht foar elk bern ŰfsŻnderlik. Hjir is alle omtinken foar.Ē
Provinsjale Żnderwiisbelied:
De Provinsje stimulearret sŻnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk.
It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dÍrby te helpen.
It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 120 en is noch altyd groeiende.
 

Ljouwert, 28 juny 2012

 


De pjutten mei de liedsters Anita en Roelie