|
Puppe
en Poppe
Te
Sûndel wenje in famke en in jonkje. In lyts famke en in lyts jonkje. It famke
hyt fan Beaukje. Hja neamt harsels
fan Puppe. No neame alle minsken har van Puppe.
It famke is noch mar fjouwer jier.
It
is in grou famke.
Hja is sa
swier, sa swier!
It jonkje hyt fan Poppe.
Hy
is fiif jier. Hy is ek grou en rûn.
En
oe sa swier!
Mar
Puppe is it swierst. Dy grouwe berntsjes
ite fiersten te folle spek. Puppe hat twa sturtsjes yn
't hier.
En
in strikje hinget ûnder oan elk sturtsje. Mem frisselt de sturtsjes sa stiif,
se steane der krom fan. En as Puppe draaft, wippe de sturtsjes op en del, op en
del!
Poppe hat suver gjin hier op
'e holle. Mem stjoert him alle fjirtjin
dagen nei de hierknipper ta.
Dy
hierknipper hat in Masyntsje. Dêr tippelt er mei op Poppe syn holle om.
Alle
hier falt der ôf.
Poppe
syn holle wurdt keal.
Puppe en Poppe.....
Twa
berntsjes, ien mei sturtsjes en ien mei de holle keal.
Twa
berntsjes fan Sûndel.
Puppe
boartet alle dagen mei Poppe. En Poppe boartet alle dagen mei Puppe.
Hja
wolle net mei oare berntsjes boartsje. Allinne soms mei lytse Ploantsje fan
Puppe en dy.
En skielk, as hja grut binne, dan sille hja mei elkoar trouwe, krekt as heit en
mem.
Dan
is Poppe de heit en Puppe de mem. Wat sil dat moai wêze!
Sjoch, dêr stiet it hûs, dêrt Puppe en
Poppe yn wenje. Ja, ja, hja wenje ek yn ien hûs.
Mar
it is een dûbeld hûs. Yn de iene keamer wennet Puppe mei har heit en mem en
lytse Ploantsje.Yn de oare keamer wennet Poppe mei syn heit en mem. Mar Poppe
hat net in suske en ek net in brourke.
Dat
fynt Poppe sa stitich!
Hy
soe wol graach in suske of in brourke ha
wolle, wol mear as ien!
Wol
krekt safolle as Stoffel fan Rintsje en Afke hat. Dy hat tsien brourkes en
suskes.
En
poppe hat net ien. Mar......... Ploantsje is ek in bytsje fan Poppe mei. En
Poppe hâldt in hiele bulte fan
Ploantsje.
|