Mimeringen fan Roelof Akkerman syn bernetiid


Ik moast fan de dokter in skoftke op de stoel sitte, doe tocht ik, soe ik ek noch wat fan myn skoaltiid witte. 'k Ha doe papier en potlead nommen en bin oan it skriuwen gien.
April 1936 kaam ik yn de earste klasse, doe hie ik noch hiel wyt hier op myn plasse.
Neist my kaam Hans Boerstra te sitten, die hie swart hier op syn holle sitten.

De oaren dat wiene Aukje Dam, Klaasje Ferdinands, Japke Gijzen, Antsje Schotanus, Heintsje Akkerman, Jantsje Jaarsma, Gerrit Visser, Frans Deinum, en miskien wol mear, Hiltsje Eppinga Lieuwkje Osinga.
Juffrou Craj stie doe foar de klasse en hat s it earste bybrocht yn s lytse plasse.
Sy rn altyd mei in houten liniaal tusken s troch, drmei krigen wy in klets as wy net s best diene sjoch.
 


Roelof Akkerman

Yn de twadde klasse krigen wy les yn it selde lokaal, dus mochten wy by juffou Aaltje Craj bliuwe.
Fan de twadde giene wy nei de tredde klasse oer. En kamen doe by master de Boer.
No der wienen wy al gau mei ths , foaral as hy oan it fertellen wie mei s.
Hiene wy s lessen f,
dan pakte master de "Soete Suikerbol" gau, hy koe s dat sa prachtich foarlze, jawier.

Yn die tiid is master de Boer ek troud, doe ha wy mei-elkoar in moai feestje bout.
Master Boerstra hat doe wat ferskes makke op rym dat de feeststimming siet er al hiel gau yn.
Wy sieten allegearre yn ploechjes op it skoalplein, dat wie in wille snder ein.
Master Boerstra hie in monogram op it skoalboerd makke, fan de earste letter fan Geeske en Atte.
Sa binne we doe op it skoalplein sitten gongen.
Doe Atte en Geeske kamen, setten wy yn mei s sjongen.


Wij koene sels ek moaie ferskes meitsje, mar alleman koe der net om laitsje.
Ek de mannen fan de jiske-auto t Balk wei net, as hja oan it leechjen wiene mei sa'n grut fet.

  Wy sjongden dan fan;
      Pieter Weerman is kaptein
      fan de lde skythswein
      froeger wie it in rike heer
      No is it in lde jiske beer.

Wat ik ek opmerklik fn, der wie in soad bern deselde nammen joen.
   Jan fan Sjirk
   Jan fan Igge
   Jan fan Yke
   Jan fan Master
   Jan fan Botsje
   Jan fan Skelte
   Jan fan Wokke en Jan Smits.


1938, klas 3 & 4. Op de eftergroun master Atte de Boer
De lste klasse moasten wy by master Boerstra sitte. No dy learde s dingen dy jo nea wer ferjitte.
Want it wie meastal sa, hy woe alles graach op rym ha.
En as je dat dan ienkear witte, sil je dat net gau wer ferjitte.
Ik sil jim inkele rymkes fertelle.

     Van hoofdletters schrijf ik tot punt,
     een domoor als je dat niet kunt.
     De deftige t neemt h met zich mee,
     i, j, ij puntje hoort er bij.


En mei rekkenjen gie it sa.

     Als ik deel zet ik een hoed,
     op het getal dat ik eerst delen moet.
     ik probeer dan gauw hoe vaak het gaat
     en zet dan cijfers op zijn plaats
     gaat het nul keer schrijf dat dan wis,
     want anders heb je alles mis.

Mei bibelske skiednis gie dat ek op dy manier, derfan skriuw ik ek in pear op papier.
    't Manna brood in de woestijn,
    was rond en wit en klein als rijm.
    Als honingkoeken was de smaak,
    't leek veel op korrianderzaad.
    En dan de pleagen yn Egypte
    't Water der rivier werd bloed,
    kikvorsen in overvloed.
    't Stof der aarde werd tot luizen,
    't ongedierte drong in de huizen.
    Pestilentie onder het vee,
    zweren plaagden mens en vee.
    Hagel viel en vuur schoot neer,
    een leger sprinkhanen streek neer.
    Drie dagen donker als de nacht,
    de eerstgeboornen omgebracht.

De Kristlike skoalle "Op 'e Terp" te Sondel. 1940
En it Kryst-evangeelje learden wy ek t de holle en noch mear bekende stikken hiel folle.
De Kategismus wie der doe ek noch by, tsjonge jonge dat wie in hiele lange rij.
Dat waerd dan mei in diploma betelle, in hiel soad ha dat ek werkelik helle.
Psalm ferskes learden we ek net te min, die komme je no noch faak yn't sin.

Mar ndertusken wiene wy ek wolris stout, jawis, dan krigen wy straf en dat wie net mis.
In lyts grapke sil ik jim fertelle, Hans en ik ha dat tegearre thelle.
Wy sieten yn de earste klasse by it raam, doe't Hans wat efter it gerdyntsje fernaam.
It is in blauwe mich sei ik tsjin him, dan pak ik him dat smoarche ding.
Hans pakte him hiel fersichtich beet, en ik stiek de mich in losse penne yn syn reed.
Dermei lieten wy him oer de bank hinne rinne, jim kinne begripe dat we der no noch wol om laitsje kinne.
It like krekt in hynder en wein, en wy mar gnize snder ein.
Op it lest hie de mich syn nocht, doe ha wy wat oars mei him betocht.
We ha doe de penne wer t syn kont wei lutsen en de fleugels t syn romp wei brutsen.
Doe koe ik myn wille wer lang net op, want Hans dy smiet him doe yn de inktpot.
Minsken, minsken wat gie dat ding tekear, yn in omsjoch wie de inkt der net mear.
De beide famkes dy't foar s sieten, echt wier, hiene alle inkt yn harren hier.

Doe't wy sn klassen hn hiene, kaam der noch in achtste efteroan.
Doe moasten wy ek Dts leare mar der fn master Boerstra net folle oan.
Dat liet er mar oan master de Boer oer, en wy fnen it mar in poepetoer.

Sa no bin ik troch myn skoaltiid hinne.
In skoft letter mochten myn bern hjir ek hinne rinne. En no komme hjir noch eltse dei bern nei skoalle ta.
'k Hoopje dat dat noch lang bliuwe mei sa.
Reny bestjoer hiel hertelik dank foar dizze dei, want dat wie fst foar jim in hiel karwei.
En ik tocht dat elkenien die't hjir is, tinkt fan lokkich dat ik dizze dei net mis.

Roelof Akkerman, 21 juni 1986
Betreft; Renie Christelijke school "Op 'e Terp" te Sondel
65 jarig bestaan van de school.