SONDELER    DOARPSLIET                                


Sondel myn doarpke
Ik mei hjir sa graach wenje
Ticht by it bosk, in plakje op it sân
It lytse tsjerkje, huzen en de skoalle
’t is hjirsa noflik yn us gaasterlân.

Sondel myn doarpke
Mocht ik dy ea ferlitte
Fier fan dyn greiden, hynders en de kij
Ik sil dy nea te nimmer wer ferjitte
Want altiid kom ik wer werom nei dy.

Sondel dit doarpke
Hat ek zyn heechtiids dagen
Iens yn de twa jier is hjir dan "de Bil"
In beurs en feest ha wij dan yn ‘e tinte
Meienoar ien, fertier en gjin ferskil.

Ek hjir yn Sondel
Leit lok en leed ticht bij,
Boartsjende bern, minsken dy komme engean
Tiid hâld gjin skoft en ’t libben dat feroaret
Mar doarpke Sondel bliuwt altiid bestean.

Sytske Batteram-Postma