Comments are closed.
Sondel leaf lyts doarpke, wêr’t myn widske stie,
wêr’t ik hiel myn libben folle wille hie.
Mei dyn âlde Swaaigat en dyn mooie feart,
fierder nei de moune leit de wrâld sa bleat.
Yn de maitiid giene wy dan de fielden lâns,
om aaien op te sykjen fan kievit, skries en gâns
mei in pet fol aaien giene wy nei hûs
en we hiene wille, wille by de rûs.
Simmerdeis de dyk út, nei de Leijen ta.
lekker yn it wetter baaiden wy der ta,
troch de Warren hinne nei de Sanfeartserhoek
boppe oer de seedyk nei de Lemsterhoek.
Hjerstmis troch it Krúspaed nei it Bremerbosk.
en ek wat yn de Boomgaard yn it Leantsjebosk.
Troch de Norde, it Heechpaed nei de Hardyk,
Monkelbaan syn reed del, wer nei de hurde dyk.
Winterdeis op redens op dy mooie feart,
dan oer it bútlân hinne rieden wy nei Sleat.
Fan Sleat wer nei de Lemmer oer de lange sleat.
dan wer op nei hûs ta, oer dy nije feart.
Dit is it doarp wer ik sa fan hâld.
Gedicht makke troch Hindrik Ynze de Jong, 1902-1976