Comments are closed.
Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar in gesellige middei. It wurdt in middei mei in soad wille, ûntspanning en mienskip. Wer efkes byprate mei buert- of (âld)doarpsgenoaten.
Wannear: freed 11 april 2025.
Tiid: fan 14.00-17.00 oere [kin fansels altyd útrinne]. Wêr: yn doarpshûs “de Bining” yn Sondel.
Binne jo 65 jier of âlder? Meld jo dan gau oan by ien fan de Pietersma’s. Dat kin oant 28 maart ta. Doch it gau, want fol =fol. Wy hoopje der in ûnferjitlike middei fan te meitsjen.
Sjogge jo it net sitten om op eigen gelegenheid te kommen, jou dat dan oan: wy helje jo graach op.
Groetnis fan Freark, Boâke, Wieger, Coby en Wiepkje Pietersma.