Oaljekoekenbakkerij
It is wer hast desimber!
De pipernúten lizze al moannen yn ‘ e winkel; de krystbollen, beammen en ljochtsjes gapje dy ek al ferlekkerjend oan en foar datst it wist, is it jier foarby.
Mar net sûnder oaljekoeken.
Al jierren bakke wy op de lêste dei fan it jier hearlike oaljekoeken. En altyd dogge wy dat foar in goed doel.
Ek no wer. Douwe Prins hat mei de frachtwein nei Oekraïne ta west. Hy die dat mei minsken dy’ t wurkje foar de Friese rijders. Dizze organisaasje set um al jierren yn foar de bewenners en striders út Oekraïne en net sûnder gefaar.
It bakken fan de oaljekoeken stelt yn dat ljocht net safolle foar en dêrom sette wy ús dêr graach foar yn. As jimme manmachtich nei de eardere slachterij op Lyklamawei 49 komme, is dat in win-win situaasje.
Jimme kinne de oaljekoeken bestelle troch in beltsje of in appke nei ien fan de de Pietersmaatsjes. Doch dit dan foar 20 desimber, dan binne jim wis fan in pûde hearlike oaljekoeken: 10 foar € 7,50.
Oant sjen op woansdei 31 desimber. Fanôf 8 oere binne de earsten klear en wy stopje om 13.00 oere.
It oaljekoekenkommittee:
Boake Pietersma, Hege Bouwen 1, tillefoannûmer: 0610649194
Freark Pietersma, Jac. Boomsmastr. 25b, Sondel, tillefoannûmer: 0651928277
Wieger Pietersma, Lyklamawei 61, tillefoannûmer: 0630431946
Wiepkje Holtrop, Lyklamawei 49, tillefoannûmer: 0610547123
Coby Hospes, Hurddraversdyk 95, tillefoannûmer: 0641696781