Smid Riemersma

Smid Riemersma

Smid Riemersma leit de foarhammer del

Sondel. Dizze wike wurdt smid Riemersma fan Sondel 65 jier.
Hy hat dan rjucht op syn A.O.W.- In skoandere gelegenheid om mei it smids-fak op te hâlden en de smidte te sluten, sa mient er.It like ús goed ta, no ‘t der wer ien fan de âlde bedriuwen ferdwynt, in praatsje mei him te meitsjen. Hy kin tige ûnder- hâldend fertelle.
Doe ‘t syn heit him yn Sondel festige wie d’r gjin smid. Wol skynde der yn earde- re tiden ien west te hawwen, mar dat wie al lang lyn. Heit Riemersma kaam yn de âlde skoalle, twa lokalen mei in gong der tusken.

Ien fan de lokalen waard ynrjuchte as smidse wylst de gong by it oare lokaal lutsen waard en ta wenning tsjinne. Doe ‘t de. soan op 18-jierrige leeftiid de ambachtskoalle ferliet, kaam er by syn heit yn ‘e smidte en learde dêr it fak. It wie yn ‘e krisistiid, in tiid wêr yn jo foar it beslaan fan in hynder, der ‘t jo sawat oardel oere mei dwaande wiene,
f 2,25 barden.
Der is gâns wat feroare. ,,Sa gau jo fan it bêd kamen, waard earst it fjoer oanmakke, oeral kaam it fjoer oan tepas.As in timmerman in hûs boude, moasten wy der ankers op oan- bringe, skoattels op ‘e doarren en al it oare izerwurk. Tsjintwurdich leit alles kant en klear by de izerkeapman”. Sa fertelt Riemersma.,,Oan dy huzebou komt de smid net mear te pas”.

Homme beslacht 1 fan de lêste hynders fan Jouke Smits

De grutste drokte brocht de simmer mei. Yn maart kamen de earste hynders. De boeren stjoerden moarns om in oere of fiif de lytsfeint mei it hynder wylst se sels mei de grutfeint de kij molken, want nei it melken moast it hynder klear wêze. Der mei moasten se nl. nei it bûtlân en nei it haailân, dat almeast de lemster kant útlei. Der kamen hynders foar de mean- en swylmasjines. It is tsjintwurdich wat oars: mear reperaasje- wurk, mar ek dat wurdt minder. Oan de swyl- en meanmasjines mankearde hast altiten wol wat en der hiene wy hiel wat wurk oan” sa ferhellet Riemersma. ,,As d’r net al te folle oan mankearde, reparearden wy se yn it lân.

Op ‘t fytske nei de boeren ta mei it ark by ús. En dan dy bolderweinen mei dy hoepen om de tsjillen. As wy in droege simmer hienen en waarm waar, dan waard it hout fan dy weinnen sa droech dat de hoepen troch it krimoen fan it hout der ôfrûnen en der in stikje tuskenút moast. De hoepen kamen dan yn it gleone fjoer en sa om it houten tsjil. By it ôfkuoljen yn it wetter slute it dan wer om it tsjil en siet it fêst.”

Winterdeis wie it net sa drok en namen wy wol wurk oan fan it fabrykje fan Wallinga yn Heech” sa giet Riemersma fierder.,,Foar sa’n 15 à 20 houten wei- nen soargen wy dan foar it izerwurk en inkeld ek wol foar de weinen fan Willem weinmakker (Stegenga) út Wikel dy’t de tsjillen allegearre út ‘e hân makke”. Yn ‘e fjirtiger jierren hat Riemersma mei sa’n 15 man op kursus west yn Snits. Twa winterskoften, ien kear yn ‘e wike om it hoefbeslaan neffens de regels te learen en dan noch twa kear nei Utrecht.,,Der moasten wy wol oefenje op ‘e poaten fan deade hynders, letter ek op libbene”.
Yn 1943 hat hy der syn diploma helle.

Mei dat beslaan is it ienris mâl gien. Wy wiene hjir noch net sa lang yn Son- del doe kaam der in boer om syn hynder beslaan te litten. Moai. Foar wie it klear, gewoan út ‘e hân. Mar doe sei dy boer:,, Jo moatte him foar achter mar yn ‘e stâl sette smid, want hy is achter in bytsje kidelich. No, wy seine dat sil wol tafolle want foare wie d’r sa mak as wat. Maar nee, hy moast dochs mar yn ‘e stâl. No haw ik noch noait sa’n spook sjûn: Jo moasten de pareplu der efter by op hawwe, sa miichde en sa sloech er. It wie ferskriklik”.
It ark lit Riemersma foarlopich stean al binne der genôch dy ‘t it keapje wolle. ,,Mei it smidsfak hâld ik op. Ik wol net mear fan hûs te wurkjen en kom net mear by in boer om putsjes op te knap- pen, dan moatte se oars omsjen. De fytsensaak en de benzinepomp hâld ik oan.Men moat dochs wat om hannen hawwe”.
Sa ferdwynt wer in âld bedriuw út ien fan ús doarpen. Der komt gjin opfolger yn….

1980 – Balkster Courant

1954 - Smiderij fan Homme Riemersma