It Begjin speelt.......


Toanielselskip “It Begjin” spilet

op sneon 9 febrewaris en freed 15 febrewaris 2019

“Gewoan te Gek”

Oanfang is om 20:00 oere yn de Bining te Sondel.

In blijspul yn trije bedriuwen fan:         Ton Davids
Oerset troch:                                   Janny van der Veen

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten - Lisette, Femmie, Isar en Bram - wenje tegearre in ien hűs.
De sosjoterapeut Koos moat har helpe harren plakje yn 'e 'normale' maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Koos faak te goed syn bęst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan 'e dei yn in kuolkast.
Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard.
Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in 'dip', om't syn biologyske tún de meast nuvere en űnwerkenbere greinten opsmyt.
De bewenners lykje noch net echt op 'normale' minsken. De wethâlder dy't ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte. Koos jout dúdlike ynstruksjes hoe't de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard.

Se beslute om sawol Koos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbęst ręde kinne. Op eigen 'gekke' wize besoargje sy harren gasten in bysűndere jűn. Dęr krije se űnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in 'talintfol' gűchelder te węzen en de buorfrou besiket op dizze jűn wat plestyk bakjes oan 'e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.