2020 – It Begjin spilet
Gewoan te gek op 29 febr. en 6 maart
Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – Lisette, Femmie, Isar en Bram – wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeut Koos moat har helpe harren plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Koos faak te goed syn bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast.
Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere grienten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte.
Koos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard.
Se beslute om sawol Koos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne.
Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju.
De buorman blykt in ’talintfol’ gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.