Jelte Eppinga, kinderjaren
De oarlog yn myn bernejierren
De oarlog leit no 50 jier efter ús en as ik der oer skriuwe wol, dan moat dat no wêze. Ik skriuw op wat ik doe belibbe ha, sjoent ha, heard ha, hoe ik doe tocht en wat ik doe net begriip. Alles wat tusken heakjes stiet ha ik as ferklearing bij skreaun.
Ik bin Jelte Eppinga en bin berne op 28 april 1939, sadat ik yn 1944 en begjin 1945 fiif jier wie en oer die tiid giet it. Ik wenne doe op de pleats tsjinoer myn hûs(en wer ’t ik ek op bourkje)mei heit en mem(Hindrik en Sietske) en fjouwer susters, te witten: Willemke, Romkje, Hiltsje en Christina. De earste trije wiene al fan skoalle ôf, worken yn ‘e hûs , efter hûs, of bij oaren. De jongste suster en Kobus gienen yn Sondel op skoalle, dan kaam ik die nog net op skoalle gyng, want in kleuterskoalle wie der doe noch net.
Ik fermakke mij allinnich yn hûs, bûthús of hiem, want alders hiene it doe drok en minder tiid foar de bern, mar ik hie net te klaaien, want in jonge mei fjouwer susters boppe him, die hat in prinselibben. En Willem de jongste, die lei doe nog yn ‘e widze. Neast de pleats, yn it hûs fan Harmen en Lolkje Akkerman, wennen Harmen en Jetske Akkerman mei harren húshâlding.
Mei die húshâlding hiene wij in soad omgong.
Foar Dútske soldaten wiene de bern bij us net bang. Tsjinoer bern wiene se freonlik. We seagen se faak, kamen wol yn it bûthús om op te waarmjen en hiene wol grapkes tsjin ús. Sa pakte in kear in soldaat mij op en frege mij laitsjend en nog wol yn it frysk; wer giest do hinne ? Ik andere “nei Jan fan Luut en Wokke(ten Brink)”. Dernei liet er mij wer gean. Taelproblemen wiene net grut, m’n ferstie elkoar gau. Wol bang wiene wij foar de griene plysjes.(in soarte millitaire plysje)Dy koene je better út ‘e wei gean.
En ek wiene wij bern huverig foar de landwachten (nederlanners yn Dútske tjsinst). De minsken seinen dat dy j’n sa ferriede kinne. En dan wie Marten Jakkes v.d. K. nog de slimste (Hij wie ek in nederlanner yn Dútske tjsinst). Dy riid op in moter mei zijspan.
De grutte bern seine dat hij misken oppakt en yn de zijspan meinimt. Wanneer Siemen Akkerman, myn maat, en ik in moter oankommen hjerden, makken wij us út ‘e foutten. Wanneer de moter foarbij wie en seagen wij dat der in zijspan oas siet, dan mienden wij hast dat wij de dûns ontsprongen wienen.
t barde nog wolris gau, dat de Dútsers lâns de húsen kamen en de mannen ophellen om te wurkjen op it kamp yn Sondel. Ek moasten boeren wol komme mei hun hynder en wein om foar hat te riden. Sa wie op in dei ikke mei heit en mem yn de keamer, doe er wer een Dútske soldaet nei de foardoar kaam. “Och heden Sietske, no komme se mij wer heljen” sei heit. No sei mem,
“foarstopje do dy mar yn de bedstee; ik sil wol nei him ta”.Ik roun efter mem oan. Bij de doar rôp de Dútser:”Man moet kommen”. Mar ús mem rôp werom
“Man naar Balk, naar Balk”. De Dútser seach mem oan en sei mei de finger omheech;”Pas op als niet waar is” Doe gien er wer fourt.
In oare kear wie er wer in Dútser bij de doar.”Gean do op bêd lizzen ûnder de tekkens, dan siz ik dost do siik bist” sei mem.
Ik gong wer efter mem oan nei de doar. “Man ziek”:sei mem en har hân hâlde se by de kiil (teken fan gielzucht).
Doe gong de Dútser drekt wer fourt. Wat kin mem leugenje tocht ik. Ik sei tsjin mem, “Mem leugend samar”.
Mar mem andere: “Dat is gjin leugenjen, mar dat is de Dútsers wat wiis meitsje” en mem goun wer fjirder mei har wurk.
Mar dat begriep ik doe nog net.
Op in oare kear kaam Akkerman it bûthús yn stowen. “Hindrik de Dútsers komme der oan”. Beide krûpen troch it kowelûk nei de heasouder. Ik bleauw allinne efter yn ’t bûthús. Doe krige ik it wol benauwd. Ik tocht, as no de Dútsers komme, wat moat ik dan sisse. Lokkich kamen se net yn it bûthús.
Op in joun doe ik yn ‘e bedstee lei, fielde ik op it fourtenein dingen. Skrokken frege ik wat dat is. Dat binne dielen fan it spinnewiel en koperspul. As de kommysen it hûs trochsykje, dan sjoche se net ûnder de tekkens fan lytse bern. Ik foun dat mar neat, stel dat se it founen yn it bed (radio mocht net mear bij jin foun wurde en koper moasten jin ynleverje).
En dan wie it sa dat bij it donker wurden de blinen foar de ramen moasten. Sels de rútsjes fan de kij moast in lûkje foar.
Der mocht gjin lampeljocht nei buten skienne. M’n sei dat dat om ‘e fleantúgen gien, sa dat dy net sjen kinne werd hja binne.
Ek mochten de minsken fanôf de joun de moarntiid ta net bûten komme, spertiid neamde men dat.
Myn aldste susters hiene ek wol ferkearing of riiden op it iis mei in feint. Mar dat makken se dan ek samar wer út. Inkele nammen wit ik noch: Roel Ykema, Bate Deinum, Jouke Tuinier en Siemen Smink. Mei Siemen gyng it ek frjemd. Dy wie op in sneintemoarn bij Romkje west.
Yn it tjuster riid er sûnder ljocht troch Sondel nei syn hûs ta. Bij tsjerke fernaam hij Dútsers op ‘e dyk. Hurd stoppe hij, draaide de fyts om en trappe fourt. Te let, de Dútsers hiene him opmurken en skreauwden dat hij stean bliuwe moast. Mar Siemen sette de gong er yn, de Dútsers efter him oan. Bij de pleats werd er wei kaam sloeg er yn en rôp sacht mar wol sa lûd dat Romkje him hearde. Die liet him en de fyts d’r gau yn. De Dútsers hjerden se doe al flakbij, mar se krigen hm net te pakken.
En Romkje hie it krekt te foaren útmakke, werom begriep ik mar net, Siemen is die nachts op ‘e pleats bleaun. Heit sei, dat as se Siemen te pakken krigen, hij grif yn Dútslan telanne kommen hie.
Op in moarntiid wie der in gefjocht yn e loft fân fleantugen, de kante út fan Follegea. Bij ús en bij Akkerman seach elk der nei.
Ik seach ek yn ‘e loft, mar seach niks. “Der giet ien nei ûnderen ta” skreauwden de bern, en ja hjer, der seach ik it fleantúg delfallen. Wat is san fleantúg great as hij flakbij de groun is tocht ik.
Boppe Nijemardum wiene twa Dútske fleantúgen yn ‘e loft tsjin elkoar oan rekke en beide wiene delfallen. Ien kaem yn ’t bosk tusken Sondel en Nijemardum telanne. In eintsje fân de dyk bij de griene singel. In pear dagen letter hellen de greatte bern it yn ‘e holle om der hinne te gean. Ik gie ek mei, heiten en memmen waarden net freege. (ik leauw dat de bern froeger sa wiene; dat as se tochten; it mei net, dan fregen se net en giengen sa, pas as se tochten dat it wol mei, dan fregen se). Rinde giengen
wij der hinne. Der lei it fleantúg, yn stikken. Ien stik stie rjocht oerein yn ‘e boskgroppe. De greatte bern seine dat se dat makke hienen fan alluminium. Ik toche wat buizen mei nei hûs. Ek de oare bern hiene wat. Doe’t wy thús kamen wie heit boas.
Jim moatte net oan dat spul komme, it is fan de Dútsers en bij de Dútsers kin soms neat lije.
Ek op in moarn wie der in greatte bran op ‘e Wijckeler Eebuurt. In pleats stie yn de bran. Elk stie der nei te sjen. It wie de pleats fan Wildschut, die troch de Dútsers yn ‘e bran stutsen wie. (Wildschut wie yn’t ferset en omt se him net te pakken krije koene hiene se de pleats plat brând.
Op in dei wie ik yn ‘e keamer en seach nei buten ta. Op ‘e dyk riid in hynder en wein mei in kleed der oerhinne spand.
Under dat kleed sieten minsken. “Evacuees binne dat” sei mem, “minsken út Limburg, dy gjin hûs mear ha”. Bij skoalle stoppe de wein en de evacuees gongen dêr yn skoalle. Fan dêr wei waarden se bij de Sondelers ûnderbrocht. Letter kamen d’r noch folle mear weinen mei minsken. Bij ús kamen ek evacuees. In heit mei twa jonges. Dy twa jonges gingen op skoalle yn Sondel.
De man fertelde dat hij út Arnhim kaem en dat syn hûs plat lei. It wie in aardige man die moai fertelle koe.
Ik fûn dat heit mar stroef seach. As die man grappen hie, koe heit toch ek wol laitsje fûn ik. Mar wij bern wisten net wat heit en mem wol wisten (want nei in pear dagen dat hij bij ús kommen wie, kryge heit in berjocht: tink om dy man, it is net in gewoane evacuee, mar in foutten ien, in slimme ferkearde dy probearret fourt te kommen om net oppakt te wurden no it súden befrijd wurd, mar dat hat ús heit letter ferteld).
It wie yn april, yn de leste dagen dat de Dútsers hjir nog wiene. Efter hûs hiene de Dútsers in skuttersnest makke. Ek efter de oare pleatsen en hûsen mei it efterein nei Teakesyl hiene se soks makke. (De Dútsers tochten dat de Kanadezen fanôf de Lemmer nei Sondel oanfalle soe. Doe’t de soldaten klear wiene giene sy wer nei it kamp. Ik seach yn dat skuttersnest, fûn dat sa moai, dat ik helle myn boartersgoud en brocht dat der yn. Mar de oare deis, doe ik der wer yn soe te boartsjen, wiene der wer Dútsers.
Ik doarst doe net mear en doe sy fourt wiene helle ik alles der wer wei. It wie de lêste dei, dat de Dútsers yn Sondel wiene.
De Dútsers wiene lilk en koartoan.
De minsken lieten harren leafer net sjen bûten, oaren wiene stil nei famylje yn oare doarpen gien. Heit wie yn it bûthûs, hij kaem net búten, want der kamen wer Dútsers út de bourren bij dehûsen lans, om man op te heljen en spul fourt te bringen. Doe kaem mem it bûthûs ynstowen en sei:”Us evacuee is bûten neast de pleats, hij lit him sjen.” Heit rûn hurd nei de bûthûsdoar om him der wei te heljen. Te let.
De Dútsers hiene him sjoen en kamen al bij him. Hij moast drekt it hynder ynspanne en mei in wein nei it kamp komme.
De evacue wie oan it ynspannen, doe kaem heit út it bûthûs wei, griep it hynder en sei tsjin de man:”Ik gean en jo bliuwe hjir” (heit hat letter útlein dat de man probearre om sa yn de Lemmer te kommen en mei de Dútsers fourt te gean. De hynder en wein hie heit dan tink nea wer sjoen) Doe heit fourt rolle op de bolderwein, gien ik nei foarhûs. Der foar Akkerman op ‘e dyk wiene ek Dútske soldaten die lilk wiene en skreauwden nei in jonge man die yn it lan foar Akkerman syn hús yn de groppe wei dûkte. Mar dat wie Hindrik Akkerman (wennet no yn Nijemardum). De soldaten richten harren gewear op him. Mar der wiene syn heit en mem al.
Frou Akkerman rop tsjin ‘e soldaten:”Hij haalt het paard op om te rijden”.
Doe lieten de soldaten hun gewearen sakje en Hindrik kaem út ‘e groppe en pakte it hynder dat der roun te fretten en naem it mei. Siemen sei tsjin mij dat de Dútsers tochten dat Hindrik fourtflechte woe. Mar doe kamen Hiltsje en Christine der oandrafen, pakten mij beet en skourden mij it hiem op. Do meist net op ‘e dyk, de Dútsers binne sa lilk, se sjitte samar.
Doe ik net omliek woe joech Christine mij noch in foele knyp. It wie yn ‘e middei. Op de Lemsterdyk (sa waerd doe de Sondelerdyk neamd) roun de evacue mei mij oan de hân en noch in groepke bern (alder dan mij, mar ik wit net mear wa) nei Teakesyl. De landerijen stiene op plakken ûnder wetter, ek op it hiem.
Hjir wennet Vochtelo, seine de bern. Vochtelo sels stie foar hûs. (dat is de pleats wer Gosse en Yneke v.d. Meer no wenje).
Doe kamen wij bij Teakesyl. Op dy pleats wennet Titte v.d. Goot en yn dat hûs wennet Keizer, seine de grutte bern. (Op dy pleats wenje no Durk en Heidi v.d. Werf) Bij it hûs stapten griene plysje roun. (Op it plak wer as no it sluuske is, wie doe in stienen brêge, it slúske wie mear nei binnen ta). Op die brêge stiene in ploech Dútske soldaten. Opiens sei de evacue tsjin mij en de oare bern: “Even wachten”. Hij roun op it groepke soldaten ta en frege wat. Die wiisden nei ien ta die allinne stie. Der gien de evacue hinne en frege wat ( wat hij frege koe ik net ferstean).
Dat is in officier seine de grutte bern. Mar doe begûn de officier te skreauwen en rôp:”Nein, dat doe ik niet en wat moeten al die kinderen hier. Terug en van de brug af.” De soldaten giene drekt nest elkoar op de brêge stean, mei de gewearen yn de hân.
Dat waerd de bern tefolle en ik begûn te gûlen. De evacue naem mij bij de hân en sei:”Kom maar gouw Jelte, de Duitsers zijn zo kwaad”. Doe wij thús kamen wie mem tige ûngerest, se wist net wer as wij wiene.
Yn de jountiid -heit wie wer thús- kaem heit yn ‘e hús en sei:”De Dútsers geane fourt”. “Moai” sei mem, lit se mar gean. Ja sei heit” hwa wit wat wij oars noch belibje moatte”.
Die joun ha de Dútsers de stienen brêge fan Teakesyl springe litten. In diel fan de riders mei hynder en wein koene doe net werom komme; se bleauwen bij boeren yn ’t hea sliepen en moasten de oare deis oer Follegea en Spannenburg omride. Hindrik Akkerman wie der ek bij.
De oare moarns wie ik noch yn ‘e keamer. Doe kamen Hiltsje en Christina de keamer yn stowen. “De Dútsers binne fourt en wij binne op ’t kamp west. Wij binne yn ‘e bunkers west. “Sjoch dit fûnen wij” en Christina helle in Dúts boek ûnder de trui wei en Hiltsje hie ek spul bij har. “Mar wij binne troch de ondergrondse fourtjage”. Heit en mem wiene boas.
“De Dútsers hiene wol springstof efterlitte kinnen, jim hiene earst freegje moatten.”
Letter op ‘e dei wie ik bij mem yn ’t foarhiem om der de flagge del te plantsjen. “Der komme se oan” sei mem,”dat binne de Kanadezen, moast mar tsjin har swaaie.” Dat die ik en de Kanadezen swaaiden werom. Se riiden op kerrier (soarte lichte tank) die hiel erg rottelden. ” No is it feest” sei mem; “want no binne wij wer frij”.
Dit binne herrineringen oan de oarloch. Ik ha sa goed mooglik probearre om wer te jaen wat ik fân doe noch wist.
Ps. de evacue is de oare deis oppakt en hat lang sitten.
Skreaun troch Jelte Eppinga.
maaie 1995