Comments are closed.
Op moandei 22 aug. 2005 docht Sondel mei oan in rûntsje om ‘e tsjerke. Omrop Fryslân dy it útstjoert op de radio gie mei doarpsbelang Sondel om 14.00 oere út ein richting de Leijen. Ferslagjouster Sippie Tigchelaar gie mei een groep fan in 70 stappers út ein wer fan de helte fan de stappers Sondelers. En ûnderweis hie se mei Sondelers in praetsje.
Tuskentroch wie de ferslagjouwer René Koster bij Mieke Schaap en Meine Beuckens oangean om in petearke.
En letter op de middei wie er ek noch efkes troch Sondel rûn en sa dwaende kaam er ek bij Van Beek oan die mountsjes te keap hat. De grutte groep kuierders kamen fan de Leijen werom oer de Sondelerleane.
Op foto hjir ûnder is Sippie yn petear mei Durk vd Veer. Se ha ek noch bij de Bremer Wildernis sjoen en dêrnei is de groep nei it Kamp Sondel gien wêr ’t in lytse feiling wie die oan elkoar praet waard troch Frederik Veltman. De opbringst hjirfan is foar in oanplakboerd op it Tsjerkeplein. In mooie dei dy ’t goed slagge wie.