Bilsjongers 2014
Woansdei 7 maaie hawwe de Bilsjongers in gesellige ôfskie jûn hawn.
16 jier lang hawwe Liskje en Sytske mei in soad nocht en wille de begelieding dien op trekzak en accordeon.
Se hawwe beslùten om der mei te stopjen. We hawwe in hiel soad gesellige jûnen meielkoar belibbe. Dat wiene de oefen jûnen altiid by Gerard en Liskje wer’t we eerst tusken demonteerde trekker ark en ûnderdielen stiene te sjongen, waard dat letter yn de geryflike kantine dêr, smûk en waarm mei altiid genoch kofje, cake en drankjes.
De lêste tiid yn de Bining, ek geweldich.
Mei de sondeler ‘Bil’ feesten ha wy altiid meidien en ek op jubileum feesten of oare sels betochte leuke ùtsjes hiene wy ùs muzikale ynbring.
We ha ek in cd opname hawn en meidien yn Thialf oan de grutte shanty koren happening yn 2000.
Al mei al, prachtige dingen om op werom te sjen. Nei dizze gesellige jûn mei kofje,traktaties, hapkes en in borrel en in speech fan Frans mei in bedank kado, seine wy tige bedankt mannen. As der immen fûn wurd dy’t de begelieding dwaan wol en hjir aardichheit oan belibbet kin der gewoan in trochstart makke wurde en bliuwe de Bilsjongers en de gesellige jûnen bestean.
Hans Batteram