IN STAP FIERDER
Nei 8 jier learen, boartsjen en groeien, nimme 6 learlingen fan de basisskoalle ‘de Ferbining’, ôfskied. Dit is altyd in bysûnder momint, it einde fan in fertroude perioade en it begjin fan in nij aventoer op de middelbere skoalle.

Se litte de skoalle efter wêr’t sy it lêzen en rekkenjen leard ha en freonskippen makke ha.
Mei in rêchsek fol mei oantinkens en ûnderfinings geane sy op wei nei in nije wrâld fol
mei nije útdagings.
Alle 6 wiene sa freonlik om mei te wurkjen.
Wat is dyn namme?
REDMER BEUKENS.
Wêr wennest do?
Heaburgen 40 yn Nijemardum.
Wêr giest aanst hinne?
Nei it CSG yn Balk.
Wat wolsto letter wurde?
Boer.
Wat silsto misse fan “de Ferbining”?
Dat we eigentlik noait húswurk hiene en dat ik no mei Ane en Idwer yn ien groep sit en aanst net mear.
Wat wie dyn moaiste momint op “de Ferbining”?
It kamp wie foarich jier hiel leuk; wy diene leuke aktiviteiten en swommen in soad.
Nei Slagharen op skoalreiske fûn ik ek heel leuk.
En de workshops op skoalle fûn ik ek heel leuk, sa as tsiis meitsje, boatsjes meitsje en soldearje.
Wat is dyn namme?
MARIEKE HETTINGA.
Wêr wennest do?
Yn Sondel.
Wêr giest aanst hinne?
Nei de CSG Bogerman yn Balk.
Wat wolsto letter wurde?
Ik wol hiel graach bistedokter wurde.
Wat silsto misse fan “de Ferbining”?
Eh, dat wit ik eigentlik net, ik wol allinnich sizze dat ik in geweldiche tiid hân ha.
Wat is dyn namme?
IDWER EPPINGA.
Wêr wennest do?
Ik wenje op de Hege Bouwen 1A yn Nijemardum.
Wêr giest aanst hinne?
Ik gean nei de CSG Bogerman yn Balk.
Wat wolsto letter wurde?
Dat wit ik eigentlik noch net mar miskien wol beamkweker.
Wat silsto misse fan “de Ferbining”?
Ik sil de gesellichheid wol misse mar ek de frije tiid want ik sil straks wol húswurk meitsje moatte.
Wat wie dyn moaiste momint op “de Ferbining”?
It skoalkamp fûn ik machtich moai en alle skoalreiskes.
Wat is dyn namme?
MIRTHE DAMARIS JAGERSMA.
Wer wennest do?
Ik wenje oan de Master Bodestrjitte 10 yn Nijemardum.
Wêr giest aanst hinne?
Ik sil nei de CSG Bogerman yn Balk.
Wat wolsto letter wurde?
Ik wit noch krekt net wat ik wurde wol mar learares, plysjefrou of yn de sûnenssoarch liket my wol moai ta.
Wat silsto misse fan “de Ferbining”?
Wat ik it meast misse sil is it wille meitsjen yn de klas mei myn freondinnen en de learkrêften en de leuke dingen dy wy dienen.
Wat wie dyn moaiste momint op “de Ferbining”?
De moaiste mominten op ‘de Ferbining’, wienen it skoalkamp en de skoalreiskes en it keazen wurde yn de learlingenried.
Wat is dyn namme?
MYRTHE FEENSTRA.
Wêr wennest do?
Lyklamawei 37 yn Nijemardum.
Wêr giest aanst hinne?
Ik gean nei it CSG Bogerman yn Balk.
Wat wolsto letter wurde?
Ik wit it noch net seker mar ik tink yn de soarch.
Wat silsto misse fan “de Ferbining”?
De gesellichheid en myn freondinnen yn de oare groep.
Wat wie dyn moaiste momint op “de Ferbining?”
Ik fûn kamp hiel leuk.
Wat is dyn namme?
ANE ALTENA.
Wêr wennest do?
Op de Heaburgen yn Nijemardum.
Wêr giest aanst hinne?
Nei de Bogerman yn Balk.
Wat wolsto letter wurde?
Ik tink boer of leanwurker.
Wat silsto misse fan “de Ferbining”?
De klas wêr’t ik no yn sit en datst gjin húswurk hast.
Wat wie dyn moaiste momint op “de Ferbining”?
Skoallereiske, skoallefuotbal en de ‘Koningspelen’.
No, sa’t jimme allegear wol lêzen ha, kieze se alle 6 foar in berop wêr’t se mei de hannen wurkje sille.
Hartsikke moai! Wêr soene wy wêze sûnder minsken yn de soarch en sûnder de boeren.
Ane,Redmer ,Idwer, Marieke, Myrthe en Mirthe, alle gelok tawinske en it CSG Bogerman treft it mar mei jimme.
Wiepkje