Mimeringen fan Roelof Akkerman

Mimeringen fan Roelof Akkerman

k moast fan de dokter in skoftke op de stoel sitte, doe tocht ik, soe ik ek noch wat fan myn skoaltiid witte.
‘k Ha doe papier en potlead nommen en bin oan it skriuwen gien. April 1936 kaam ik yn de earste klasse, doe hie ik noch hiel wyt hier op myn plasse.
Neist my kaam Hans Boerstra te sitten, die hie swart hier op syn holle sitten.
De oaren dat wiene Aukje Dam, Klaasje Ferdinands, Japke Gijzen, Antsje Schotanus, Heintsje Akkerman, Jantsje Jaarsma, Gerrit Visser, Frans Deinum, en miskien wol mear, Hiltsje Eppinga Lieuwkje Osinga.

Roelof Akkerman
Roelof Akkerman

Juffrou Crajé stie doe foar de klasse en hat ús it earste bybrocht yn ús lytse plasse.
Sy rûn altyd mei in houten liniaal tusken ús troch, dêrmei krigen wy in klets as wy net ús best diene sjoch. Yn de twadde klasse krigen wy les yn it selde lokaal, dus mochten wy by juffou Aaltje Crajé bliuwe.
Fan de twadde giene wy nei de tredde klasse oer. En kamen doe by master de Boer.
No der wienen wy al gau mei thús , foaral as hy oan it fertellen wie mei ús.
Hiene wy ús lessen ôf,
dan pakte master de “Soete Suikerbol” gau, hy koe ús dat sa prachtich foarlêze, jawier.

Yn die tiid is master de Boer ek troud, doe ha wy mei-elkoar in moai feestje bout.
Master Boerstra hat doe wat ferskes makke op rym dat de feeststimming siet er al hiel gau yn.
Wy sieten allegearre yn ploechjes op it skoalplein, dat wie in wille sûnder ein.
Master Boerstra hie in monogram op it skoalboerd makke, fan de earste letter fan Geeske en Atte.
Sa binne we doe op it skoalplein sitten gongen.
Doe Atte en Geeske kamen, setten wy yn mei ús sjongen. 

Wij koene sels ek moaie ferskes meitsje, mar alleman koe der net om laitsje.
Ek de mannen fan de jiske-auto út Balk wei net, as hja oan it leechjen wiene mei sa’n grut fet.  Wy sjongden dan fan;
Pieter Weerman is kaptein
fan de âlde skythúswein
froeger wie it in rike heer
No is it in âlde jiske beer.

Wat ik ek opmerklik fûn, der wie in soad bern deselde nammen joen.
Jan fan Sjirk, Jan fan Igge, Jan fan Yke, Jan fan Master, Jan fan Botsje, Jan fan Skelte, Jan fan Wokke en Jan Smits. 

1938 - klas 3 & 4 Op de eftergroun master Atte de Boer

De lêste klasse moasten wy by master Boerstra sitte. No dy learde ús dingen dy jo nea wer ferjitte.
Want it wie meastal sa, hy woe alles graach op rym ha.
En as je dat dan ienkear witte, sil je dat net gau wer ferjitte.
Ik sil jim inkele rymkes fertelle.

     Van hoofdletters schrijf ik tot punt,
     een domoor als je dat niet kunt.
     De deftige t neemt h met zich mee,
     i, j, ij puntje hoort er bij.


En mei rekkenjen gie it sa.

     Als ik deel zet ik een hoed, 
     op het getal dat ik eerst delen moet.
     ik probeer dan gauw hoe vaak het gaat
     en zet dan cijfers op zijn plaats
     gaat het nul keer schrijf dat dan wis,
     want anders heb je alles mis.

Mei bibelske skiednis gie dat ek op dy manier, derfan skriuw ik ek in pear op papier.   
 ’t Manna brood in de woestijn,
was rond en wit en klein als rijm.
Als honingkoeken was de smaak,
’t leek veel op korrianderzaad.
En dan de pleagen yn Egypte
’t Water der rivier werd bloed,
kikvorsen in overvloed.
’t Stof der aarde werd tot luizen,
’t ongedierte drong in de huizen.
Pestilentie onder het vee,
zweren plaagden mens en vee.
Hagel viel en vuur schoot neer,
een leger sprinkhanen streek neer.
Drie dagen donker als de nacht,
de eerstgeboornen omgebracht. 

School Sondel 1940
De Kristelike skoalle 'School met den Bijbel' te Sondel. 1940

En it Kryst-evangeelje learden wy ek út de holle en noch mear bekende stikken hiel folle.
De Kategismus wie der doe ek noch by, tsjonge jonge dat wie in hiele lange rij.
Dat waerd dan mei in diploma betelle, in hiel soad ha dat ek werkelik helle.
Psalm ferskes learden we ek net te min, die komme je no noch faak yn’t sin.

Mar ûndertusken wiene wy ek wolris stout, jawis, dan krigen wy straf en dat wie net mis.
In lyts grapke sil ik jim fertelle, Hans en ik ha dat tegearre úthelle.
Wy sieten yn de earste klasse by it raam, doe’t Hans wat efter it gerdyntsje fernaam.
It is in blauwe mich sei ik tsjin him, dan pak ik him dat smoarche ding.
Hans pakte him hiel fersichtich beet, en ik stiek de mich in losse penne yn syn reed.
Dermei lieten wy him oer de bank hinne rinne, jim kinne begripe dat we der no noch wol om laitsje kinne.
It like krekt in hynder en wein, en wy mar gnize sûnder ein.
Op it lest hie de mich syn nocht, doe ha wy wat oars mei him betocht.
We ha doe de penne wer út syn kont wei lutsen en de fleugels út syn romp wei brutsen.
Doe koe ik myn wille wer lang net op, want Hans dy smiet him doe yn de inktpot.
Minsken, minsken wat gie dat ding tekear, yn in omsjoch wie de inkt der net mear.
De beide famkes dy’t foar ús sieten, echt wier, hiene alle inkt yn harren hier.

Doe’t wy sân klassen hân hiene, kaam der noch in achtste efteroan.
Doe moasten wy ek Dúts leare mar der fûn master Boerstra net folle oan.
Dat liet er mar oan master de Boer oer, en wy fûnen it mar in poepetoer.

Sa no bin ik troch myn skoaltiid hinne. In skoft letter mochten myn bern hjir ek hinne rinne.
En no komme hjir noch eltse dei bern nei skoalle ta. ‘k Hoopje dat dat noch lang bliuwe mei sa.
Reüny bestjoer hiel hertelik dank foar dizze dei, want dat wie fêst foar jim in hiel karwei.
En ik tocht dat elkenien die’t hjir is, tinkt fan lokkich dat ik dizze dei net mis.

Roelof Akkerman, 21 juni 1986
Betreft; Reünie Christelijke school “Op ‘e Terp” te Sondel
65 jarig bestaan van de school.