Oaljekoeken bakke
Aldjierdei bakke wy se wer brún.
Hearlike oaljekoeken. Dit jier giet de opbringst nei in jongkje fan 5 jier. David Tuinstra wennet yn Aldemardum. Hy is ien fan in twalling en by syn berte is it ûnderstediel fan syn beide fuotten amputearre. Davis had sûnt koart bladesen kin no wer meidwaan. Mar syn heit en mem krije mar ien stel fergoede. Ien pear blades koskje 20.000 euro. Wy wolle graach helpe om syn dream te ferwêzenlikjen.
En dat hy mei dwaan kin mei syn leeftiidsgenoaten.
Keapje in oaljekoek foar it goeie doel, dat jout in ferhipt goed gefoel. Wiepkje Holtrop
3000 oliebollen bakt en opbringst is €1850,-
It rint alwer nei de ein fan it jier; desimber komt deroan.In drokke moanne foar wa’ t fan feest en gesellichheid hâldt.
Om de moanne ôf te sluten en it nije jier wolkom te hjitten, ite wy faak oaljekoeken. Dy binne it lekkerst as se noch waarm binne.
As jo dat ek fine, moatte jo op sneon 31 desimber nei Lyklamawei 49 gean, want dêr bakke wy se wer brún. Fanôf 9 oere is de bakkerij iepen en ja, ek wy ûntkomme der net oan, de oaljekoeken binne al wat djoerder. Tsien foar € 7,50. Mar dan kinne jo se mei in gerêst gefoel op ite ,want der giet ek noch wat nei it goede doel. Dat doel meitsje wy yn it folgjend krantsje bekend.
It is wol handich om se yn it foar te bestellen. Dat kin mei ûndersteand strookje yn de brievebus fan ien fan ús te goaien of troch in appke of tillefoantsje. Graach foar 23 desimber.
Oh, ja, om 13.00 oere meitsje wy alles wer skjin en wolle wy graach gjin oanrin mear.
It oaljekoekenkommittee:
Boake Pietersma, Hege Bouwen 1, tillefoannûmer: 0610649194
Freark Pietersma, Jac. Boomsmastr. 25b, Sondel, tillefoannûmer: 0651928277
Wieger Pietersma, Lyklamawei 61, tillefoannûmer: 0630431946
Wiepkje Holtrop, Lyklamawei 49, tillefoannûmer: 0610547123
Coby Hospes, Lyklamawei 23, tillefoannûmer: 0641696781
———————————————————————————-
Namme: …………………………………………………wol graach……oaljekoeken mei rezinen/ krinten
Of…………………………………………………………………………
Ik helje se sels wol / net foar 13.00 oere op.
Mocht it heljen net slagje, dan skeakelje wy de besoarchtsjinst yn.