Oaljekoekenbakkerij
Oaljekoekenbakkerij op sneon 30 desimber 2023.
Ja, jimme lêze it goed! Wy sille wer oaljekoeken bakke, sa as jim fan ús wend binne. Mar net op Aldjiersdei; wy kieze derfoar om se in dei earder te bakken, op sneon 30 desimber.
De hiele moarn kinne jim se wer op it fertroude adres helje: efter de eardere slachterij op Lyklamawei 49.
Wy hoopje dat wy ûngefear 1 oere middeis de boel wer skjinmeitsje kinne, dus graach fan te foaren ophelje. Dat mei wol fanôf 8 oere moarns, dan binne de earsten wol klear.
Oer it goede doel wiene wy it ditkear gau iens: it jild is foar de boatreis dy’ t Buurt ‘soarch’ elk jier organisearret. Minsken dy’ t net mear op fakânsje kinne omdat se safolle soarch nedich ha, meie mei de boat mei. De soarchmeiwurkers binne allegear bekend dus dat fielt fertroud. Fansels betelje se wol in eigen bijdrage, mar dêr kin net alles fan betelle wurde. De boat allinnich al kostet € 38.000.
Yn dit krantsje stiet mear ynformaasje oer dizze stichting en der is ek in webside fan: Stichtingbuurtsoarchoppaad.nl
It is wol handich om se yn it foar te bestellen. Dat kin mei ûndersteand strookje yn de brievebus fan ien fan ús te goaien of troch efkes in appke of tillefoantsje. Graach foar 23 desimber.
Oh ja, de priis is krekt as foarich jier: 10 foar € 7,50.
It oaljekoekenkommittee:
Boake Pietersma, Hege Bouwen 1, tillefoannûmer: 0610649194
Freark Pietersma, Jac. Boomsmastr. 25b, Sondel, tillefoannûmer: 0651928277
Wieger Pietersma, Lyklamawei 61, tillefoannûmer: 0630431946
Wiepkje Holtrop, Lyklamawei 49, tillefoannûmer: 0610547123
Coby Hospes, Lyklamawei 23, tillefoannûmer: 0641696781