Versterking IJsselmeerkust
PARSEBERJOCHT
Nûmer: 060 IS
Datum: 25 maaie 2023
Ryk draacht by oan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust
It Ryk stelt goed 12,6 miljoen euro beskikber foar it fersterkjen fan de Fryske Iselmarkust. Dat skriuwt it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat yn har brief oan Deputearre Steaten. It jild is bedoeld foar aktiviteiten dy’t bydrage oan it werstel en in duorsume ynrjochting fan de Fryske Iselmarkust.
Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) is in gearwurking tusken it Ryk en de regio om de Fryske Iselmarkust te fersterkjen, te ferbetterjen en moaier te meitsjen. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en ferskate natuerbehear-organisaasjes. Dy organisaasjes sette harren yn foar it fergrutsjen fan de wetterfeiligens, it lytser meitsjen fan de kâns op wetteroerlêst en it ferheegjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. De regio stelt 5 miljoen euro beskikber foar VFIJ.
‘’De afgelopen tijd zijn we druk geweest met het maken van plannen voor de versterking van de Friese IJsselmeerkust. De samenwerking in de regio is goed en we zijn heel blij dat het ministerie daar ook een bijdrage in levert. Ik kijk ernaar uit dat binnenkort de eerste schep de grond in kan gaan’’, seit deputearre Friso Douwstra.
Maatregels
Yn ferskate plakken lâns de Fryske Iselmarkust wurde maatregels nommen om de kust te op te knappen en te ferduorsumjen. By Warkum, Hylpen, Mokkebank-Laaksum, de strannen fan Gaasterlân en Lemmer-Teakesyl steane wurksumheden pland. Ein 2023 of begjin 2024 giet de earste skeppe yn de grûn. It wurk moat op 31 desimber 2025 klear wêze.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de Fryske Iselmarkust op www.frieseijsselmeerkust.frl.