Comments are closed.
DE MAN FAN DYN LIBBEN komt op 13 desember nei teater de Bining
Graach wolle wij jo witte litte , dat J&M teaterwurk utkomt mei de nije Fryske teaterproduksje DE MAN FAN DYN LIBBEN. In toanielstik skreaun troch Arthur Japin n.o.f. syn boek de man van je leven Marijke Geertsma hat it stik yn it Frysk oerset
De man fan dyn libben is in fleurige komeedzje , dy,t giet oer in frou dy,t siik is en net better kin . Sy siket foar har man in frou dy,t as sy der net mear wêze sil , him goed fersoargje kin … Sy set – sûnder dat har man it wit – in kontaktadfertinsje en dêr komt in moaie jonge frou op ôf . Kin net moaier soene je tinke . In frou dy,t safolle foar har man oer hat , dat se sels neidat se der net mear is , him goed achterlitte wol .
Mar dan blykt , dat har man en dy jonge frou elkoar al kenne …. Dan komt de fraach om de hoeke: wat foar spul wurdt hjir spile en wa hâldt wa no foar de gek …? It stik wurdt spile troch Jan Arendz en Marijke Geertsma fan J&M teaterwurk en Anke Bijlsma fan Ach , Mea Culpa
Anke rûnom bekend fan de stikken fan Gerrit Breteler , dy,t sy tegearre spilet yn kafees mei Gerrit Haaksma.
Dus, set it alfest yn jo agenda 13 desember yn Teater ,, de Bining “ in fleurige kommeedzje .
Kaarten fia: f.pietersma@ziggo.nl