Comments are closed.
Wannear? Op sneun 9 maart 2024!
Om it tsienjierrich bestean te fieren komt De Emigrant werom!
Yn in nij jaske mar mei itselde ferhaal.
De Emigrant/opnij ferteld. Freark Smink spilet Sybolt de Haas, in Fryske emigrant dy ’t yn sân hasten de oseaan oer stuts nei Kanada om der in nij libben op te bouwen.
In drege perioade folget mar mei trochsettingsfermogen en hurd wurkje slagget it him om in goedrinnend boerebedriuw en in famylje te stichtsjen.
Hy is nea wer nei it heitelân werom west. In belofte oan syn ûnderwilens ferstoarne frou twingt him syn ferline ûnder eagen te kommen. Wat folget is in bysûndere reis nei it heitelân dy ’t oan alle einen en kanten konfrontearjend is.
Theo Smedes spilet de ferskate oare rollen yn de foarstelling. Jos Thie skriuwt in nije ferzje fan it oarspronklike stik fan Romke Toering en sil de rezjy op him nimme.
De ferkeap fan de tickets giet as it slietjagget. De tickets binne no te krijen fia vanplan.nl.