Puppe en Poppe
Puppe en Poppe fan L.Post-Beuckens
In wier bard ferhael
In lêsboek foar de bern fan de heechste klassen.
In alderaardichst ferhaal fan twa bern út Sûndel,
in famke en in jongge, dy’t op in dei slim ûndogens
binne. Dat liket mar raar te betearen.
Se reitsje hiel fier fan hûs en hoe moatte se dan
wer yn Sûndel komme?
Te Sûndel wenje in famke en in jonkje. In lyts famke en in lyts jonkje. It famke hyt fan Beaukje. Hja neamt harsels fan Puppe. No neame alle minsken har van Puppe. It famke is noch mar fjouwer jier. It is in grou famke. Hja is sa swier, sa swier! It jonkje hyt fan Poppe. Hy is fiif jier. Hy is ek grou en rûn. En oe sa swier! Mar Puppe is it swierst. Dy grouwe berntsjes ite fiersten te folle spek. Puppe hat twa sturtsjes yn ‘t hier.
En in strikje hinget ûnder oan elk sturtsje. Mem frisselt de sturtsjes sa stiif, se steane der krom fan. En as Puppe draaft, wippe de sturtsjes op en del, op en del! Poppe hat suver gjin hier op ‘e holle. Mem stjoert him alle fjirtjin dagen nei de hierknipper ta. Dy hierknipper hat in Masyntsje. Dêr tippelt er mei op Poppe syn holle om. Alle hier falt der ôf. Poppe syn holle wurdt keal.
Puppe en Poppe….. Twa berntsjes, ien mei sturtsjes en ien mei de holle keal.
Twa berntsjes fan Sûndel.
Puppe boartet alle dagen mei Poppe. En Poppe boartet alle dagen mei Puppe. Hja wolle net mei oare berntsjes boartsje. Allinne soms mei lytse Ploantsje fan Puppe en dy. En skielk, as hja grut binne, dan sille hja mei elkoar trouwe, krekt as heit en mem. Dan is Poppe de heit en Puppe de mem. Wat sil dat moai wêze!
Sjoch, dêr stiet it hûs, dêrt Puppe en Poppe yn wenje. Ja, ja, hja wenje ek yn ien hûs. Mar it is een dûbeld hûs. Yn de iene keamer wennet Puppe mei har heit en mem en lytse Ploantsje.Yn de oare keamer wennet Poppe mei syn heit en mem. Mar Poppe hat net in suske en ek net in brourke. Dat fynt Poppe sa stitich! Hy soe wol graach in suske of in brourke ha wolle, wol mear as ien! Wol krekt safolle as Stoffel fan Rintsje en Afke hat. Dy hat tsien brourkes en suskes.En poppe hat net ien.
Mar……… Ploantsje is ek in bytsje fan Poppe mei. En Poppe hâldt in hiele bulte fan Ploantsje.
ISBN 90 680 010 3 Twadde printige Friesch Dagblad – Ljouwert 1981